Oarder fan tsjinst fan snein 14 septimber
Bevestigingsdienst 2025
Oarder fan tsjinst fan snein 14 septimber
Muziek voor de dienst: Melodiebewerking Ps. 101 vers 1 Van Peter Wildeman
Wolkom en meidielings
Elk giet stean
Earste liet: Psalm 108: 1 By Jo, o God, fyn ik myn rêst…
1 By Jo, o God, fyn ik myn rêsten elke moarntiid bring ik fêst,
oan Jo myn lof en hulde ta, dat dan de dage in teken hat.
Wurd wekker, siter, harp en lút, rop mei in liet Gods gloarje út.
Myn psalmen lit ik oeral klinke,‘k sjong fan de trou dy’t Jo my skinke.
Bemoediging en groetenis
Drompelgebed (elk giet wer sitten)
Gebed om ûntferming
Sjonge: liet 981 Salang’t op ierde minsken binne….
1 Salang’t op ierde minsken binne
en de ierde fruchten jout, sa lang
sill’ Jo ús as in heit beminne,
foar al wat libbet, Hear, ús tank. |
2 Salang’t de minsken wurden sprekke,
salang’t wy libje foar elkoar,
salang sill’ Jo ús net ûntbrekke,
yn Jezus’ namme tank dêrfoar. |
3 It fee, de fûgels en de blommen
wat groeit en bloeit op fjild en lân,
it hat by Jo syn ûnderkommen,
myn dagen binne yn jo hân. |
4 Jo woene sels, grutmachtig Heare,
om ús te rêden fan ‘e dea,
Jo eigen Soan ús net ûntkeare,
syn lichem is it libben brea. |
5 Dêrom moat alles Jo oanbidde,
jo leafde hat ús ’t libben jûn.
Wy binne as bern oan Jo besibbe
en bliuwe mei jo bern ferbûn. |
Tsjinst fan it Wurd
Gebed by de iepening fan de Skriften
Skriftlêzing: Psalm 108
Sjonge: Psalm 108: 2 Jo goedens, Heare en jo trou….
2 Jo goedens, Heare, en jo trou binn’ heger as it himelblau.
Ferhef jo heech, o himelsk ljocht, dat elk op ierd’ jo gloarje sjocht.
Befrij jo leafsten op jo tiid en ris har hân ta foar de striid.
Kom freonen op, kom allegearre O Heare, wol ús roppen hearre.
Preek
Meditatyf oargelspyljen
Sjonge: liet 910: 1, 2, 4 Bytiden as wy sjonge…
1 Bytiden as wy sjonge
wurdt alles ljocht en klear,
dêr’t earder dizen hongen,
fernimme wy de Hear.
Binn’ wy it paad soms bjuster,
Hy makket alles goed,
dy’t ús nei kjeld en tsjuster
in mylde maitiid stjoert. |
2 Yn tankberens betinke
wy ’t heimnis fan ús Hear,
Hy woe syn heil ús skinke,
ús libben nimt in kear.
Us soargen binn’fergetten,
wy groetsje bliid de dei,
de moarn sil ús neat lette,
wat hy ek bringe mei. |
4 Ek as gjin beam mear fruchten
ta rispjen drage soe,
de greide lei te suchtsjen,
om ’t neat mear waakse woe,
dan noch soe God ús spiizgje,
syn goedens komt as rein.
‘k Wol dei oan dei Him priizgje
en loovje sûnder ein. |
Ôfskie en befêstiging fan amtsdragers, ôfskie en wolkom fan kolleezjeleden
Sjonge: liet 680 Kom hillige geast…
1 Kom hillige Geast, stryk as in do
del yn ús tsjustere, grutske siel.
Ferskyn, ljocht ingel, meitsje ús hiel,
kom by ús yn, wy wachtsje op Jo. |
2 Want wiene Jo net mei ús gien,
dan wie ús dwaan en tinken neat
en like foarmleas, leech en dea
as doe’t Jo noch net útstoart wien’. |
3 By Jo allinne is it ljocht.
By Jo fynt elk in feilich thús
en ’t libben dat Jo skinke oan ús.
Hoelang ha wy it skriemend socht? |
4 O, hillige Geast, wy roppe Jo.
Kom ús dochs yn it wurd benei,
dat ek ús geast it hearre mei,
rop ús ta libben, hjir en no. |
5 Unpeilbere Geast fan ivichheid,
Jo hawwe oan wa’t gjin wurden fûn
dit liet sels yn ‘e mûle jûn,
bewiis fan jo oanwêzicheid. |
Ôfskie:
Fan de diakony: Jan Vellema, Ebeline R. Bouma-Westerhof, Miranda Stelpstra-Nauta en Jan Hoogsteen
Fan it Kolleezje fan rintmasters: Æde van der Beek en Auke Vellinga
Foarsitter fan de tsjerkerie oan it wurd
Sjonge: liet 146a: 1 Kom, lit ús optein…
1 Kom, lit ús optein sjonge in bliid en fleurich liet,
foar Him dy’t al ús gongen bestjoert mei wize ried.
Ik sjong myn God en Heare in lofsang ta fan de ierd’.
‘k Wol Him fan herten earje dy’t altyd mei my giet.
Befêstiging fan nije amtsdragers:
Fraach oan de foarsitter oft de befêstiging troch gean kin
Koarte ynlieding
Nij: Ytske Machiela-Bouma (jeugdouderling), Sjoukje Marijke Bouma (diaken)
Beloften
Segen
Wolkom oan nije leden fan de diakony: Hiekje Hoekstra, Reina van Dijk-Lont, Bouke Stelpstra, en oan nij lid fan it Kolleezje fan rintmasters: Sipke de Vries.
De foarsitter oan it wurd
Sjonge: liet 146a: 7 Hoe soe ik, lyts en himpen….
7 Hoe soe ik, lyts en himpen, myn God de eare jaan?
Hy yn syn hege timpel, ik yn myn ierdske dwaan.
Mar Jo wolle oan my tinke, myn Heare en myn behâld,
dêrom lit ik wjerklinke jo lof oer hiel de wrâld.
Tsjinst fan jeften en gebeden
Gebed, Stil gebed, Ús Heit (songen)
1 God fan fier en hein ús Heit,
dat wy hilligje jo namme,
ûnder ús sa faak ûntwijd,
troch jo eigen bern beskamme. |
2 Bûch de folken nei jo wet,
lit jo ryk op ierde komme.
Byn jo wil ús op it hert
en wy sykhelje ferromme. |
3 Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou wat wy misdiene,
sa’t ek wy ferjûn ha, Hear,
al dy’t skuldich foar ús stiene. |
4 Lit oer ús gjin neare nacht,
lied ús net yn blyn begearen.
Binne wy yn duvels macht,
Hear, ferlos ús fan ‘e kweade. |
5 God fan fier en hein ús Heit,
wûnder heimnis is jo namme,
grut yn krêft en hearlikheid,
oant yn alle tiden. Amen |
Ynsammeling
Sjonge: liet 823: 1, 5 Jo joegen, Heit, dy’t alles liede….
1 Jo joegen, Heit, dy’t alles liede,
de minskebern in rike ierde
mei lân en see, mar alderearst
ha Jo it wurd lein op syn lippen
om tusken dream en deistich skrippen
tsjûge te wêzen fan jo Geast. |
5 O God, ûnwennich is ús herte,
wêr’t wy ús ek nei wenjen sette.
Wy sykje in better heitelân.
Beskik ús, nei ús ierdske tinten,
in stêd dêr’t Jo de fûneminten
fan lein ha mei jo eigen hân. |
Segen
Muziek na de dienst: Voorspel en koraal “God roept ons broeders tot de daad” van B.W. Schipper
|