|
Liturgie zondag 17 mei - 11 uur
Liturgie zondag 17 mei - 11 uur
Inleidend orgelspel: Van Martin Mans: "Wat de toekomst brenge moge" en "Een toekomst vol van hoop"
Welkom en mededelingen
Psalm 27: 1,4 (Mijn licht, mijn heil is Hij, mijn God en Here)
Stil Gebed, bemoediging en groet
Inleidende woorden
Smeekgebed voor de nood in de wereld
Lied 663 (Al heeft Hij ons verlaten)
Gebed van de zondag
Schriftlezing: Johannes 17: 1-13
Lied 500: 1, 2, 4 (Uit uw verborgenheid)
Schriftlezing: Handelingen 4: 13 – 22
Liet 512: 1, 2, 3, 4 (O Jezus, hoe fertroud en goed)
1.O Jezus, hoe fertroud en goed
klinkt my jo namme yn ’t ear,
dy namme dy ’t myn leauwe stjoert
dat Jo my foargean, Hear.
2.Jo namme makket minsken hiel,
is foar ús libben brea,
hat oan ús dea en sûnde diel,
nimt wei ús eangst en kwea. |
3.My hoerder en myn held, myn freon,
myn kening en profeet,
myn pryster dy’t my frijdom gunt,
myn wei út alle need;
4. Al wat ik doch, al wat ik wol,
it is te swak, te kâld,
mar ‘k rin mei krêft en gloede fol
as ‘k Jo foar eagen hâld. |
Preek
Liet 666 (De Hear gie nei de himel)
1.De Hear gie nei de himel
omheech fier boppe ús út.
Wy sjogge mar in skime
troch in besleine rút.
Dêr hat Er dit op delskreaun:
Nee, Ik ferlit jim net.
Sa is syn wurd ús bybleaun,
yn frede yn ús hert. |
2. De Hear is yn’e wolken,
gjin minske dy’t Him sjocht.
Mar hy belooft de folken
syn ryk fan frede en rjocht.
Wy kinne Him no inkeld
yn taal en teken sjen,
aanst sil Er stieljend blinke
foar alle minskebern. |
Dankgebed, voorbeden, stil gebed en it Ús Heit (God fan fier en hein ús…)
1. God fan fier en hein ús Heit,
dat wy hilligje jo namme,
ûnder ús sa faak ûntwijd,
troch jo eigen bern beskamme.
2. Bûch de folken nei jo wet,
lit jo ryk op ierde komme.
Byn jo wil ús op it hert
en wy sykhelje ferromme. |
3. Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou wat wy misdiene,
sa’t ek wy ferjûn ha, Hear,
al dy’t skuldich foar ús stiene.
4. Lit oer ús gjin neare nacht,
lied ús net yn blyn begearen.
Binne wy yn duvels macht,
Hear, ferlos ús fan ‘e kweade |
5. God fan fier en hein ús Heit,
wûnder heimnis is jo namme,
grut yn krêft en hearlikheid,
oant yn alle tiden. Amen
Collecte
Slotliet: Liet 670: 1, 3, 6, 7 (Kom Skepper God, o hillige Geast)
1. Kom Skepper God, o hillige Geast,
kom yn de minskeherten del,
sy hawwe altyd jo skepsels west,
werskep har út jo libbensweil.
3. Ferljochtsje Jo ús wif ferstân
en meitsje ús hert ta leafde ree,
lied mei jo mylde fêste hân
ús swak bestean nei wisser stee. |
6. En meitsje ús leauwe fêst en klear,
dan sille wy de Heit ferstean
en Jezus Kristus, Soan en Hear,
O Geast, Jo dy’t út beiden gean.
7. Lof oan de Heit, lof oan de Soan
as earste út de dea ferriisd,
de Treaster lof op hege toan,
in altyd duorjend earbewiis. |
Zegen
Uitleidend orgelspel: Toccata Ps. 47 God stijgt met gejuich ten troon, Martin Mans
|